Provinsje te sleau yn Dr. Feart

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan GrienLinks set fraachtekens by it ûndersyk dat dien is nei it fersmoarge slyk yn de Drachtster Feart. Yn fragen oan deputearre steaten stelt de partij dat mar de helte fan it trajekt ûndersocht is.
GrienLinks wol dat de provinsje de Feart hielendal op 'e nij ûndersiket op fersmoarge slyk. Neffens de Friese Milieu Federatie is der sjoemele mei it slyk.