Gauris stellerij yn FEC

© Omrop Fryslân
De stellerijen yn it FEC binne gjin ynsidint. Neffens makelaar De Waard út Frjentsjer is stellen by grutte beurzen yn it FEC skearing en ynslach.
Woansdei waard by de bedriuwekontakt- dagen út de stand fan de gemeente Skarsterlân in saneamd plasmaskerm stellen. Neffens de organisaasje in ynsidint mar De waard bestriidt dat. Hy waard sels al ris slachtoffer, lykas inkele oaren.