Gambiaan 'bedondert" Burgumer

07 mrt 2012 - 21:26

Bonne Bergsma út Burgum fielt him bot besoademitere troch de Gambiaan Samuel Charley. De man wie yn desimber útfanhûs by Bergsma foar in koarte fakânsje. In pear dagen letter soe er in eintsje te draven, mar kaam nea werom. Hy is sûnt dy tiid fermist.

Bergsma ken de Gambiaan om't er al jierren projekten docht yn it Afrikaanske lân. Hy is krekt werom fan in trip nei Gambia en socht dêr ek de famylje fan de fermiste man op. Mar dy hâlden de kaken stiif op elkoar. Bergsma tinkt dat Charley útnaaid is om wurk te finen yn Nederlân.

It jild dat er dêrmei fertsjinnet, soe er dan nei syn famylje yn Gambia stjoere.

Trefwurden: 
Samuel Charley Gambia
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)