Anker leit ferdigening del

13 mrt 2002 - 00:00

De fertochte Willem van E. út Harkstede, dy't al fêst sit foar trije moarden, wurdt fan in fjirde moard op in prostituee fertocht. Dat seit advokaat Willem Anker.

Hy makke bekend dat er de ferdigening fan Van E. delleit om't syn broer Hans, as advokaat optreedt fan de famylje fan de fermoarde frou. It kantoar kin net twa ferskillende belangen tsjinje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)