Run op boek fan Pim Fortuyn

© Omrop Fryslân
Ek Fryske lêzers binne benijd nei it boek fan Pim Fortuyn. It boek dat tiisdei útkaam en woansdei yn de winkels lei, rint as it slydjaget. Boekhannel De Tille yn Ljouwert hie 30 eksimplaren besteld. Ein fan 'e moarn wiene dy al fuort.
De útjouwer hie 10.000 boeken printsje litten, ek dy oplage is al útferkocht. Der wurde 30.000 boeken byprinte.