Nije slûsdoarren yn Warkum

13 mrt 2002 - 00:00

De doarren fan de Warkumer slûs yn it Soal wurde op it stuit ferfongen. Ofrûne hjerst kaam oan it ljocht dat se yn minne steat wiene.

De nije doarren binne woansdei earst past. Se moatte noch wat byskaafd wurde en dêrnei wurde se der definityf yn set. De slûs yn Warkum is fanwege it wurk tydlik ôfsletten. Freed moat er wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)