Tefolle baktearjes yn swimwetter

13 mrt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De kwaliteit fan it Fryske swimwetter is net oeral like goed. De provinsje makke de nijste resultaten tiisdei bekend. Op acht plakken sieten ferline jier tefolle kolibaktearjes of steptokokken yn it wetter.

De fersmoarging komt fan guozzen. Ien fan de 'smoarge swimplakken' is it strantsje De Welle yn Drachten. Takom jier binne der ekstra kontrôles.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)