Swier ferwûne by botsing

12 mrt 2002 - 00:00

In frou is tiisdei oan de ein fan de middei swier ferwûne rekke. Se botste by Feanwâlden mei de auto frontaal op in tsjinlizzer. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Ljouwert ferfierd. De oare sjauffeur, ek in frou, rekke licht ferwûne.

De dyk wie in skoft ôfset sadat de plysje ûndersyk dwaan koe nei de oarsaak fan de botsing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)