Skeining geheimhâldingsplicht

12 mrt 2002 - 00:00

Boargemaster Dykstra fan Boarnsterhim hat oanjefte dien fan skeining fan de geheimhâldingsplicht. Yn in pleatslike krante stie lêsten in stik oer in fertroulik rapport fan de rekkenkeamer dat útlekt wie nei de parse.

De rekkenkeamer moat gemeentlike projekten kontrolearje. De ried bûcht him oer mooglike sanksjes tsjin it lek. De sjoernalist ferklapt syn boarne net.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)