Ferkiezingsreltsje yn Opsterlân

11 mrt 2002 - 00:00

Yn Opsterlân krije de ferkiezings in sturtsje. Yn it stimburo yn Sigerswâld hat woansdei in skoftke in spandoek foar it CDA hongen. Neffens de wet mei der gjin kampanje fierd wurde by stimburo's.

Skoalbern hiene it doek ophongen as 'oanmoediging' foar har master, kandidaat foar it CDA. It stimburo, dêr't ek de frou fan de master siet, liet it hingje. Dêr is no oer klage.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)