Wer snelkraak yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Foar de tredde kear yn koarte tiid is elektroanikasaak Van der Weerd yn Frjentsjer troffen troch in snelkraak. Tsjûgen seagen sneintenacht in man mei in bivakmûtse op de foardoar ynslaan en guod yn de auto laden.
De plysje hat mei it sinjalemint besocht de oerfaller te finen. Dat is net slagge. De eigner hat skjin syn nocht fan 'e stellerij.