Piter Jelles hâldt op mei Frysk

11 mrt 2002 - 00:00

Skoallemienskip Piter Jelles, lokaasje Aldlân yn Ljouwert, wol ophâlde mei Frysk yn 'e boppebou. Yn 2003 wurdt de provinsjale subsydzje ôfboud. Bern yn havo-4 en vwo-5 kinne dan gjin Fryske les mear folgje yn 'e Fryske haadstêd.

Sûnt de ynfiering fan de Twadde Faze, sa'n trije jier ferlyn, is it tal learlingen Frysk ferdûbele fan jiers tsien nei fiifentweintich yn trochsneed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)