Hearrenfean wint mei 2-0 fan RKC
Sportklub Hearrenfean hat sneontejûn mei 2-0 wûn fan RKC Waalwijk. De Feanster doelpunten foelen yn de earste 12 minuten fan de twadde helte en wiene fan Stefan Selakovic en Anthony Lurling.
Op 'e nij koe de ferdigening fan Hearrenfean, ûnder lieding fan keeper Hans Vonk, it tal tsjin-doelpunten op nul hâlde.