Jage út protest

09 mrt 2002 - 00:00

Fryske jagers ha sneon as protest jage op foksen. Mei de jacht woene se der op wize dat de greidefûgelstân hurd efterút giet wannear't de foksejacht ferbean wurdt. Dat ferbod is 1 april fan krêft.

It protest soarge foar in tsjinaksje fan de faunabeskerming. Dy rôp minsken op in foto te sjitten fan in foks. Foar safier bekend ha beide aksjes gjin 'bút' opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)