Earste ljipaai fûn
It earste ljipaai fan Fryslân is sneon fûn. Finer wie Wybren Bijlsma fan Tsjerkgaast. Hy fûn it aai om even oer ienen tusken Spannenburch en Wâldsein. Bijlsma hie al in pear dagen yn 'e rekken dat in ljip op dat plakje sawat oan de lech wie.
Sneontemiddei hat Bijlsma it aai oanbean oan de boargemaster fan Skarsterlân. Kommissaris Nijpels hat it snein krigen.