Hiele Achmeagevel moat opnij

© Omrop Fryslân
Achmea wol alle 7000 gevelplaten op de Achmeatoer yn Ljouwert de kommende fiif wiken opnij fêstsette. No al wurde 240 'risikoplaten' mei ekstra ankers op de toer befestige. Dat binne de platen dêr't bousteigers oan fêst sieten.
Boargemaster De Boer wol earst in ûnôfhinklik ûndersyk ear't se akkoart giet mei de maatregels. Salang it wurk duorret, is in drokke dyk ôfsletten.