Keamer: Ofslútdyk wynmûnefrij

© Omrop Fryslân
De Twadde Keamer wol foarearst gjin wynmûnen op de Ofslútdyk hawwe. It kabinet moat earst oantoane oft se echt needsaaklik binne. En boppedat moat der oare lokaasjes komme. Fryslân en NoardHollân tinke mei de turbines yn ien klap genôch wynenerzjy te leverjen. Moandei behannelet de Twadde Keamer de romtlike plannen foar it Waadgebiet, de planologyske kearnbeslissing.