Aksje tsjin de foksejacht

08 mrt 2002 - 00:00

De bistebeskerming en de faunabeskerming sette út ein mei in aksje tsjin de foksejacht. Se noegje elkenien út om yn Fryslân in foto te 'sjitten' fan in foks. Dyjinge dy't de moaiste foto makket, kriget 1000 euro.

De aksje set sneon út ein yn Eastmahorn. In tal minsken sil dan om 'e Lauwersmar hinne kuierje om te besykjen in foto fan in foks te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)