Froulju fiere feest

08 mrt 2002 - 00:00

Mei tal fan kulturele aktiviteiten fiert Fryslân freed de Ynternasjonale Frouljusdei. Wethâlder Hetty Hafkamp iepenet yn it Anna Blamanhûs Ljouwert in eksposysje fan 3 keunstneressen.

Dêr binne ûnder oare skilderijen fan 'Bear Boeloe-mem' Helena de Boer te sjen. Sy bringt ek in dichtbondel út, yn in spesjale hânmakke útjefte troch Sjoukje Visser.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)