Anita Andriesen deputearre

08 mrt 2002 - 00:00

Anita Andriesen (PvdA) folget deputearre Sicko Heldoorn op, as hy boargemaster fan Opsterlân wurdt. De kar foar Andriesen kaam net unanym ta stân, want fraksjefoarsitter Gea van Dijk woe der ek wol oan.

De beneaming giet earst troch as de foardracht fan Heldoorn offisjeel goedkard wurdt. Dat kin noch wol in pear moanne duorje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)