Noch gjin oansluting Frisiabrêge

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel wyt noch net wêr it ekstra jild weikomme moat, dat nedich is foar de súdlike rûnwei. De nije dyk sil oanslute op de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal.
Dy brêge leit der al, mar men kin der net oerhinne omdat der gjin dyk is. De kosten foar de dyk foelen 7.500.000 euro heger út, omdat de NS fûn dat der in tunnel ûnder it spoar troch moast.