Brân by bedriuw yn Wolvegea
Der hat woansdeitejûn brân west by in bedriuw yn Wolvegea. De brân waard ûntdutsen troch de eigner fan it bedriuw. Hy warskôge de brânwacht, mar dy hoechde al net mear yn aksje te kommen.
De skea bleau beheind ta in pear smolten beskermingskapen fan in spuitmasine. Der wie wol in grutte reekûntwikkeling.