Aksjes by Philips Drachten

© Omrop Fryslân
By Philips yn Drachten binne tongersdei poarte-aksjes holden foar in bettere CAO. De fakbûnen FNV en CNV rôpen it personiel fan de 4 festigings op om takom wike nei aksjegearkomsten te kommen om te praten oer mooglike stakings.
De ûnderhannelings foar in nije CAO by it konsern binne fêstrûn. De bûnen ha de direksje oant 15 maart jûn om te reagearjen op de foarstellen.