Ljouwert: PvdA ferliest 3 sitten
De PvdA is de iennichste kolleezjepartij dy't ferlern hat by de ferkiezings. De PvdA gie fan 13 nei 10 sitten. Kolleezjepartners CDA en VVD bleaune gelyk, PAL/Grienlinks wûn der in sit by. De FNP komt foar it earst yn 20 jier wer werom yn de ried fan Ljouwert. Fierder wûn Leefber Ljouwert in sit.
Ferlies wie der foar de Nieuwe Leeuwarder Partij: fan 3 nei 2 sitten.