SP nij yn ried Hearrenfean

06 mrt 2002 - 00:00

De SP komt foar it earst yn 'e ried fan Hearrenfean. De soasjalisten hellen 4,7 persint, genôch foar in sit. De PvdA gie justjes achterút en komt no op 7 sitten. It CDA wint in restsit en komt op 5. Grienlinks ferlies ek in sit en komt op 2. De oare partijen, Leefbaar Heerenveen, D66 en FNP bleaune gelyk. De opkomst yn 'e gemeente Hearrenfean wie 59,8%, 0.1% mear as yn 1998.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)