Rige Margareta de Heer fûn

© Omrop Fryslân
Fjouwer skilderijen fan Margareta de Heer blike in rige te foarmjen. Dat hat it Frysk Museum ûntdekt by it gearstallen fan in eksposysje oer de santjinde-ieuske Fryske keunstneres.
Fan De Heer wiene noch gjin rigen skilderijen bekend. Doe't it museum de fjouwer doeken út har listen helle bliek dat se merkt wiene mei A oant D. De doeken ferbyldzje de fjouwer seizoenen.