'Wynmûnen net oan Ofslútdyk'

© Omrop Fryslân
It wynmûnepark dat oan de Ofslútdyk komme moat, kin better realisearre wurde yn de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân sels, sa fine tal fan natuerorganisaasjes. It waadgebiet fine se minder geskikt as lokaasje foar wynmûnen.
De A7-sône soe wol in goed plak wêze. De organisaasjes dy't der sa oer tinke binne û.o. de Fryske Miljeufederaasje, Natuermonuminten en de Waadferiening.