'Mole De Haan moat bliuwe'

05 mrt 2002 - 00:00

Wykferiening Oud-Oost fan Ljouwert wol dat de restanten fan mole De Haan oan it Fliet bewarre bliuwe. Dêrta tsjinne de feriening moandei hantekenings yn by wethâlder Hafkamp fan Ljouwert. Dy sil it plan foar restauraasje ynbringe yn de gemeentlike kommisje.

De mole waard yn 1685 boud en wie eartiids ien fan de tolve moles dy't oan it Fliet stiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)