Twa poadia op Wâldrock
Wâldrock 2002 krijt twa poadia, sa makket de organisaasje bekend. It is sa mooglik om it programma te ferbreedzjen. Der kinne no sa'n fyftjin bands op Wâldrock spylje. Ferline jier wiene dat der alve. It besikerstal bliuwt lykas altyd 12.000 minsken.
De bands D.R.I., Within Temptation en Motörhead binne fêstlein foar 22 juny. De foarferkeap begjint op 30 maart.