Koart pleit tsjin bedriuwslieder

04 mrt 2002 - 00:00

It tosktechnysk laboaratorium Orthodental Noord yn Ljouwert hat in koart pleit oanspand tsjin har bedriuwslieder. Dizze soe net iepen wêze oer de boekhâlding.

Sa hie er in privé-bankrekken iepene dêr't er de betellingen fan klanten ûntfong. It laboaratorium kaam dêrtroch finansjeel ûnder druk te stean. It bedriuw easket no dat de bedriuwslieder de praktyk oerdocht en dien krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)