Sloop fabrykswenten Wergea
Fyftich fabrykswenten yn Wergea sille tsjin de flakte. Dêrfoar yn plak komme der tritich nije hûzen. De âldere bewenners hawwe it der dreech mei. De hûzen hawwe weinich lúkse, mar guon minsken wenje der al sa lang, dat se eins net mear fuort wolle.
De bewenners hawwe wol ynspraak. Sa kinne âlderen oanjaan oft se de sliepkeamer yn it nije hûs ûnder ha wolle.