Koartsweagen: aksje tsjin dyk

04 mrt 2002 - 00:00

De ynwenners fan Koartsweagen komme yn aksje tsjin de oanlis fan in dyk dy't harren doarp troch midden snijt. De dyk is nedich fanwege de oanlis fan in nijbouwyk by de Gordyk. Om de plannen te kearen is der in aksjekomitee oprjochte.

De gemeente liket foarearst net ûnder de yndruk fan de protesten. Koartsweagen is gjin apart doarp mear. It is yn de rin fan de tiid opslokt troch de Gordyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)