Man út Haule ferûngelokke

© Omrop Fryslân
In 71-jierrige man út Haule is sneon yn it Drintse Huis ter Heide om it libben kaam by in ûngelok. De man stoppe foar in brêge op 'e linker rydstrook. In auto dy't him yn 'e mjitte kaam, koe him net mear ûntwike.
De auto fan it slachtoffer kaam yn de Norgerfeart telâne. Doe't de man derút helle wie, wie er al ferstoarn. Inkele helpferlieners rekken ûnderkuolle.