Oerfal pompstasjon Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Op it Hearrenfean is sneontejûn it Shell pompstasjon oan de boargemaster Falkenawei oerfallen. Trije manlju yn swarte klean en mei bivakmûtsen op kamen it pompstasjon yn en bedrigen de man efter de kassa mei in fjoerwapen. Se sloegen him ek op 'e holle en easken jild.
Doe't de man dat jûn hie naaiden de dieders út. De plysje is op syk nei tsjûgen fan 'e oerfal.