Wales: taalbelied fia de pub

03 mrt 2002 - 00:00

It parlemint fan Wales is fan doel om sletten pubs yn lytse doarpen op te keapjen om sa de taal te stypjen. In libben doarp kin net sûnder pub, fine de politisi yn Cardiff. Prince Charles - de Prince Of Wales - hat al witte litten in foarstanner fan it plan te wêzen.

Njonken pubs oerwaacht it parlemint om ek sletten winkels en postkantoaren te keapjen en te iepenjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)