Harkemase Boys - VVOG: 2-0

02 mrt 2002 - 00:00

Harkemase Boys poetste sneon it selsbetrouwen op troch mei 2-0 fan VVOG fan Harderwyk te winnen. De Harekieten kamen al nei 2 menuten op 1-0 troch in flater fan 'e VVOG-keeper. Dêrnei hie it al gau 2 en 3-0 wurde moatten, mar pas yn 'e 51ste menút foel de twadde goal en dêrmei siet de wedstriid op slot.

Sebastiaan Leyenaar en Lútsen Hoogenberg makken de goals.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)