Cambuur gelyk tsjin Zwolle

© Omrop Fryslân
Cambuur spile freed yn eigen stadion mei 1-1 gelyk tsjin Zwolle, de nûmer twa fan 'e earste divysje. It wie de earste goeie wedstriid fan 'e Ljouwerters yn langere tiid. Der siet striid yn en der waard bytiden ek goed fuotballe.
Zwolle kaam yn 'e 18de menút foar troch in goal fan Marco Roelofsen. Op slach fan rêst makke Sandor van der Heide gelyk: 1-1, en dat waard ek de einstân.