Restauraasje wurken Pier Pander

01 mrt 2002 - 00:00

Twa restaurateurs binne in pear wiken lyn út ein set mei de restauraasje fan sa'n hûnderten reliëfs en byldhouwurken fan Pier Pander. Hy hat ûnder oare in soad wurk makke foar it keninklik hûs.

Nei syn dea is syn wurk skonken oan de gemeente Ljouwert, mei de opdracht om der sa goed mooglik op te passen. Troch besunigings binne de wurken en it Pier Pander Museum dochs slim fertuteazge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)