Oandielen foar film Polleke
De Friesland Bank ferkeapet 100 partisipaasjes foar de nije jeugdfilm Polleke. De oandielen kostje 10.000 euro it stik. De bank moat de partisi- paasjes foar 1 april kwyt want dan giet it nije belestingstelsel yn dat soks net mear tastiet.
De film Polleke is basearre op in boek fan de skriuwer Guus Kuyer en wurdt produsearre troch Egmond Filming TV.