Mishanneling

28 feb 2002 - 00:00

In 46-jierrige Ljouwerter is woansdei skopt en slein. Hy rekke ferwûne oan holle, rêch en skonk. Ambulânsepersoniel ûndersochten it slachtoffer. De fertochte, in 30-jierrige man út Sint Anne, moat noch heard wurde.

De twa rûnen elkoar samar tsjin it liif. Mooglik wie in skeel út it ferline oer hier fan in wenning de oanlieding foar de mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)