Mooglike staking by Van der Weg

28 feb 2002 - 00:00

Staking driget by Van der Weg riolering yn Wolvegea. Fakbûnen en direksje fan it bedriuw wurde it net iens oer in nije cao. De fakbûnen wolle in leansferheging fan fjouwer prosint, wylst de direksje net fierder gean wol as twa prosint.

By it bedriuw wurkje 37 minsken. As de direksje net foar moandei mei in goed útstel komt, lizze se it wurk del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)