Frysk sukses by Edisons
Twarres hat in Edison krigen foar bêste nijkommer. Oar Frysk sukses wie der foar De Kast: in Gouden Harpe. Goed 35.000 minsken ha oanjûn watfoar bands yn de beneaming kamen foar in Edison.
Mathilde Santing en Frank Boeijen wiene de bêste sjonger(es). Johan wie de bêste groep en Kane makke it bêste album. Bêste single wie fan Kylie Minogue (Can't get you out of my head).