Liet giet grinzen oer
It Fryske sjongfestival Liet giet ynternasjonaal. Tsien artysten út regio's yn Europa dêr't in minderheidstaal praat wurdt, dogge mei. Sneon 27 april is de Fryske sjongwedstriid yn De Harmonie yn Ljouwert.
De Fryske winner docht in dei letter mei oan it ynternasjonale festival. Der binne lju út Noard-Fryslân, Oksitanië, Wales en Baskenlân.