'Stilte nei de stoarm'

27 feb 2002 - 00:00

It wetter yn de provinsje stiet noch altyd te heech. Nei de stoarm fan tiisdei is it wetterpeil 30 sintimeter heger as gewoan. De gemalen draaie folop om it wetter kwyt te reitsjen.

Ek dakdekkers en rioelskjinmakkers ha it drok mei de gefolgen fan de stoarm. Stikken ôfwaaid dak binne wer reparearre en ek de bus dy't yn de sleat bedarre, rydt wer gewoan op de dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)