Ried akkoart mei gemeentehûs

27 feb 2002 - 00:00

It bestimmingsplan foar it nije gemeentehûs op Skylge is fêststeld. Opposysjepartijen CDA en PvdA stimden tsjin, mar de ried gie dochs akkoart.

Ek it beslút om 150 huzen nij te bouwen yn Midslân is troch de ried goedkard. It amendemint fan de PvdA, dat der net mear as 90 nije huzen boud wurde mochten, helle it net.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)