Rel oer ferkiezingsbuorden
Yn Ljouwert is in politike rel ûntstien oer ferkiezingsbuorden. De VVD hat rûnom trijhoekige reklamebuorden delset. Neffens de Nieuwe Leeuwarder Partij (NLP) is de fergunning dêrfoar op falske grûnen ôfjûn. De VVD sprekt dat lykwols tsjin.
B en W hawwe de liberalen oanret de buorden dochs der mar wei te heljen, mar de VVD hâldt de poat stiif.