Mulder: gjin panyk oer Dr. Feart
De provinsje is net ûnder de yndruk fan 'e opskuor yn Smellingerlân. Foar it nijbouplan Drachtster Feart soe de gemeente fersmoarge grûn yn in lûdswâl ûnderbringe wolle. De gemeente beropt him op provinsjale fergunnings.
Minister Pronk wol de saak ûndersykje litte. Deputearre Mulder is dêr net benaud foar, want de provinsje hat oan alle betingsten foldien.