Mooglik tongblier: grins ticht
De Twadde Keamer wol de grinzen slute no't it der mooglik in nij tongbliergefal yn Ingelân is. Twa skiep yn it noarden fan it lân hawwe blaaskes. Oer inkelde dagen is de útslach bekend, mar salang wol de Keamer net wachtsje.
Minister Brinkhorst praat woansdei mei oare Europeeske lânbouministers oer de saak. LTO Nederlân wol de grinzen ek ticht hawwe.