Mear stoarmnijs

26 feb 2002 - 00:00

Yn de wynpûsters kamen útsjitters mei orkaankrêft foar. Wetter waard út de sleatten slein en beammen knapten as prikjes om. Fytsers kamen amper by de wyn op. By de Achmeatoer yn Ljouwert binne sels fytsers omfallen, oaren rûnen leaver mei de fyts oan de hân.

Ek it treinferkear hie lêst fan de stoarm. Oant sân oere tiisdei rieden gjin treinen tsuken Akkrum en Grou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)