Problemen troch hurde wyn

© Omrop Fryslân
De stoarm soarge ek yn Fryslân foar grutte problemen. By Jelsum is in auto frontaal op in bestelbus botst. Trije minsken rekken ferwûne, wêrûnder ien slim. De dyk wie ôfsletten. By Easterein waaide in bus fan Noordned, mei trije passazjiers, fan de dyk ôf.
It wetter by Aldemardum is oer de simmerdyk kommen sadat de simmerpolder folrûn. De sitewaasje wie net earnstich.